Fiifde oerwinning Jan Bos

23 maaie 2010 - 12:22
  • Jan Bos (argyffoto)

Hurdfytser Jan Bos hat syn fiifde oerwinning fan it seizoen binnen. Sneontejûn wûn hy de Ronde fan Twizelerheide. De hurdfytser fan Nijhoarne wie yn de einsprint fan in kopgroep fan tsien man de rapste.

Sierd Steigenga fan Eksmoarre waard twadde, Umberto Atzori fan Zorgvlied tredde. Jan Bos, dy't dit seizoen minder trainingsoeren makket as it ôfrûne seizoen, wûn earder yn Oud Vossemeer, Elim, 's-Gravendeel en Hierden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)