Fiif ynbraken yn provinsje

12 okt 2006 - 09:53

Op fiif plakken yn de provinsje is fan tiisdei op woansdei ynbrutsen. By in bedriuw oan de Greunswei yn Ljouwert waarden kompjûters stellen en út in hûs oan de Camminghastrjitte in laptop en in tas mei sportklean.

Yn Snits waarden út in wenning oan de Kamp in laptop en in mobyltsje stellen. Yn Drylts waarden út in hûs oan de Galamagracht in mobyltsje, rydbewizen en bankpassen meinaam. Yn Boalsert waard in LCD-skerm stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)