Fiif wethâlders foar SWF

28 des 2010 - 18:39

It nije kolleezje fan Súdwest-Fryslân sil bestean út fiif wethâlders. Dat falt op te meitsjen út de kolleezje-ûnderhannelings, dy't hast klear binne. Kommende tongersdei wurdt it kolleezjeprogramma presentearre. Dan moat ek it nije kolleezje rûn wêze. It CDA en de PvdA leverje elk twa wethâlders en de VVD ien, sa is de ferwachting.

Fan de PvdA is Andries Ekhart kandidaat-wethâlder, de oare partijen wolle noch gjin nammen neame.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)