Fiif tips oer losdraaien flierplaat útkyktoer De Jouwer

20 jul 2015 - 14:28
  • De útkyktoer mei de losse flierplaat sichtber

De plysje hat oant no ta fiif tips krigen oer de fernielings oan de útkyktoer op De Jouwer. Ferline wike hat immen mei opsetsin bouten út in flierplaat helle. Dat hat fan gefolgen hân dat in famke (14) út De Jouwer 9 meter nei ûnderen fallen is. Sy rekke swierferwûne en leit noch hieltyd yn it UMCG yn Grins. Se is wol bûten libbensgefaar.

De plysje ûndersiket de tips, mar hopet wol dat der noch mear minsken binne dy't ynformaasje hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)