Fiif tbc-besmettings yn Harns

17 jan 2007 - 22:30

Fiif minsken ha mooglik tuberculose oprûn yn Harns. Dit docht bliken nei ûndersyk ûnder 200 minsken. Yn novimber waard iepen tbc fêststeld by in 66-jierrige ynwenner fan Harns. GGD Fryslân stelde dêrom in grut ûndersyk yn. 400 minsken krigen in oprop.

Mar de helte hat him ûndersykje litten. De kâns bestiet dus dat der noch mear minsken besmet binne. Dy groep kin him altyd noch ûndersykje litte by de GGD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)