Fiif swimlokaasjes 'min'

21 mrt 2011 - 10:09

It wetter by de swimplakken yn de Burgumermar by Burgum en by Eastermar en yn de Hegemermar by Wâldsein binne net skjin genôch. Omdat de wetterkwaliteit net oan de Europeeske easken foldocht, hawwe dy swimplakken it predikaat min krigen. Der komme te hege konsintraasjes baktearjes út ûntlêsting yn foar.

Ek de swimplakken op de Lytse en Grutte Wielen by Ljouwert krigen it oardiel 'min', omdat der te faak blau-alch foarkomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)