Fiif stjerren foar Hotel Lauswolt yn Beetstersweach

04 feb 2016 - 19:44

In primeur foar hotel Lauswolt yn Beetstersweach, as iennichste hotel yn it Noarden hat Lauswolt fiif stjerren krigen. It giet om it klassifikaasjesysteem fan Koninklijke Horeca Nederland. Hoteleigeners kinne sels in beoardieling oanfreegje, dêrnei komt in ynspekteur lâns om te besjen oft in hotel oan de byhearrende easken foldocht.

Lauswolt hie al fjouwer stjerren, dat binne der dus no fiif wurden. Dy fiif stjerren pronkje yntusken op in buordsje by de yngong fan it hotel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)