Fiif oanhâldings yn Snits

04 aug 2012 - 12:50
  • Oanhâlden

De plysje hat freedtenacht yn Snits ferskate minsken oanhâlden. In Harnzer (42) waard oanhâlden om't er yn drugs hannele. Hy hie kokaïne, GHB en pillen by him. In man (27) út Wâldsein mei tefolle drank op feroarsake oerlêst yn de Kleine Kerkstraat.

Trije manlju út Burgum en Oisterwijk binne oanhâlden nei't se twa manlju út Boalsert mishannele hiene. Ien fan de slachtoffers rûn hjirby in brutsen hân op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)