Fiif NL-Awardnominaasjes omrop

24 jan 2008 - 10:53
  • It oangripende radio-ynterview mei Brent Rosier is goed foar in NL-Award-nominaasje

Omrop Fryslân is yn fiif kategoryen nominearre foar in NL-Award, de jierlikse priis fan de regionale omroppen. Nominearre binne ûnder oare it radio-ynterview mei Brent Rosier, de broer fan de yn Uruzgan omkommen Martijn Rosier en it live-ferslach fan de bekerwedstriid Cambuur - AZ.

Fierder wiene der nominaasjes foar de Hjoed-reportaazje oer de krisis yn Littenseradiel, de dokumintêre Alddyk en it Skûtsjesjoernaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)