"Fiif maaie altyd frije dei"

07 okt 2014 - 16:37
  •  Logo 4 en 5 maaie

Yn Fryslân wurdt posityf reagearre op it plan fan it Nationaal Comité 4 en 5 mei om fan fiif maaie in jierlikse frije dei te meitsjen. Op 't stuit is dy dei mar ien kear yn de fiif jier in frije dei. De wurkjouwers hawwe lykwols twifels oft alle jierren 5 maaie frij wol sa'n goed idee is. Se tinke dat it net goed is foar de ekonomy,

Yn itselde foarstel wol it komitee de deadebetinking ek breed hâlde. Ferline jier wie it foarstel om allinnich de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch te betinken, mar it komitee giet dêr net yn mei.

Hans Groeneweg, fan it Frysk fersetsmuseum, is bliid mei it beslút om ek slachtoffers út oare oarlogen te betinken op 4 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)