Fiif jonges oanhâlden foar 23 ynbraken yn Frjentsjer

05 feb 2016 - 16:40
  • Ynbraak

De plysje hat fiif jonges tusken de 15 en 17 jier út Frjentsjer oppakt op fertinking fan 23 wenning- en bedriuwsynbraken yn de stêd. Dy ynbraken fûnen plak tusken augustus en novimber 2015. Twa fan de jonges waarden yn novimber foarich jier betrape, doe't se ynbrutsen yn in winkel oan de Osingastrjitte.

De plysje kaam troch it ferhoar ek trije oare jonges op it spoar. De jonges stielen jild en sieraden. Allinnich it guod fan in ynbraak by in sportferiening waard werom fûn.

Kick

De jonges ferklearren dat se mei de ynbraken maklik oan jild komme koenen en ek dat it harren in 'kick' joech. Twa fan de jonges sitte thús mei in ankelbân. De oare trije jonges mochten nei in pear dagen ferhoar wer nei hûs. Yn maart wurdt it fiiftal heard troch de rjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)