Fiif jonge promovendy by UCF

01 mrt 2013 - 16:44
  • Promovendy UCF

De University Campus Fryslân hat der wer fiif jonge ûndersikers by. De fiif promovendy sille oan de slach by wetterynstitút Wetsus. Se dogge ûndersyk nei it heljen fan enerzjy út wetter, it skjinmeitsjen fan wetter en it sachter meitsjen fan wetter.

It is foar it earst dat ûndersikers mei jild fan de University Campus, of UCF, oan de slach gean by Wetsus. By de NHL wiene al fjouwer los gien ûnder de flagge fan UCF. De nije groep bestiet út ûndersikers fan oer de hiele wrâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)