Fiif jier selstraf easke tsjin Harnzer ynbrekker

04 des 2015 - 16:51

In man fan 24 út Harns moat mooglik fiif jier de sel yn. De straf is troch de offisier fan justysje tsjin him easke, omdat er as haadfertochte sjoen wurdt fan ferskate ynbraken yn syn wenplak en yn de omkriten fan de havenstêd. De Harnzer soe holpen wêze troch trije oaren. Tsjin harren easke de offisier twa kear fjirtjin moanne finzenisstraf en ien kear tsien moanne selstraf.

Neist dat se yn Harns aktyf wienen, operearden se ek yn Frjentsjerteradiel. De útspraak is op 17 desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)