Fiif jier sel yn saak Mûnein

02 maaie 2013 - 14:47
  • Justysje

De 25-jierrige Ljouwerter dy't fertocht waard fan in stekpartij yn Mûnein is yn heger berop feroardield ta in finzenisstraf fan fiif jier. Dat is oardel jier langer as de feroardieling by de rjochtbank.

Yn oktober 2011 rekke in man fan De Gordyk slim ferwûne troch in stekpartij nei in hardcore-feest. It hôf rekkenet it de Ljouwerter swier oan dat hy de man fan De Gordyk hiel earnstich ferwûne hie. Hy is feroardiele foar iepenlike geweldpleging en poging ta deaslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)