Fiif jier sel saak-Reidsma

26 mrt 2012 - 14:35
  • Justysje

De Ljouwerter dy't ferline jier maart syn plakgenoat Eeuwke Reidsma deariden hat, giet fiif jier de sel yn. Dat hat de rjochtbank moandei útsprutsen.

De straf leit dêrmei in jier leger as de eask. Dat is omdat de rjochtbank deaslach net bewiisd fynt. Ek mei de man fiif jier lang net autoride.

De 40-jierrige dieder hie op it momint fan it ûngelok trije kear mear dronken as tastien is. Ek ried er 50 kilometer te hurd. By it ûngelok rekke de dochter fan Reidsma ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)