Fiif jier easke yn saak-Mûnein

18 apr 2013 - 13:58

Yn it heger berop yn de stekkerij fan Mûnein is tongersdei 5 jier selstraf easke tsjin de fertochte (25) út Ljouwert. De stekkerij wie yn oktober 2011. Dêrby waard in man út De Gordyk (33) delstutsen. Dy rekke slim ferwûne. De eask by it Hôf is like heech as de eardere eask by de rjochtbank.

De advokaat fan de haadfertochte út Ljouwert frege om frijspraak fan syn kliïnt. Der binne in soad saken dy't de haadfertochte frijpleitsje, seit syn advokaat. Sa soe dejinge dy't stutsen hat, in keale holle hawwe en de Ljouwerter hie stikeltsjeshier.

Der is fierste min bewiis tsjin syn kliïnt, seit mr. T.P. van Dijken, de advokaat fan de fertochte. Yn de saak waarden foar it Hôf twa tsjûgen oproppen dy't inoar bot tsjinsprutsen. Ek de fertochte sels kaam tongersdei mei in nije ferklearring. Foar de rjochtbank hie er noch sein dat er hielendal net op it plak fan it misdriuw west hie. No jout er ta dat er wol slein hat, mar hy soe noait stutsen hawwe. De útspraak is oer twa wike, op 2 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)