Fiif himpkwekerijen oprôle

23 feb 2011 - 10:23

Op fiif plakken yn Fryslân hat de plysje moandei en tiisdei hennepkwekerijen oprôle. De grutste wie yn Aldeberkeap, dêr stienen 850 hennepplanten. De oare kwekerijen wienen yn Frjentsjer, Boelensleane, Easterwâlde en Makkingea.

Yn Makkingea hat de Algemiene Ynspeksjetsjinst ek ûndersyk dien nei de bedriuwsomstannichheden. Yn de stâl stienen tefolle bargen. Seis dêrfan wienen yn sa'n minne tastân dat se ôfmakke wurde moasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)