'Fiif gebieten as seereservaat'

16 nov 2003 - 00:00

Fiif gebieten yn de Noardsee moatte gau oanwiisd wurde as seereservaat. Dat skriuwt de stifting Noardsee yn in rapport, dat moandei presintearre wurdt. It ministearje fan Lânbou, Natuerbehear en Fiskerij is earder akkoart gongen mei ekstra beskerming.

It giet om it Fryske Front, de kustsône, de Doggersbank, de Klaverbank en de Sintrale Oestergrûnen. Mei de komst fan it nije kabinet stiet dy ekstra beskerming wer faai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)