Fiif ferwûnen by ûngelok

14 aug 2013 - 20:19

Troch in ûngelok woansdeitemiddei op de A6 by Sint Nyk binne fiif minsken ferwûne rekke. Se moasten allegear nei it sikehûs. Ferskate auto's binne op mekoar ynriden. Ien fan de weinen sloech oer de kop. Hoe slim de ferwûnings binne, koe de plysje noch net sizze. Ek oer de oarsaak is noch neat bekend.

It ferkear op de A6 hat in skoft omlaat west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)