Fiif ferwûnen by Sigerswâld

15 jul 2009 - 10:32

By in ûngelok yn Sigerswâld binne tiisdei fiif minsken ferwûne rekke. Ien fan de slachtoffers is in famke fan acht. Trije auto's botsten op elkoar. In 46-jierrige bestjoerder út Sigerswâld woe ôfslaan mar seach in oare auto, bestjoerd troch in man út Noardwyk, oer de holle. In oanriding wie it gefolch.

In ynwenner fan Bakkefean (43) koe in botsing mei de beide net foarkomme. De trije auto's binne flink skansearre en moasten fuortsleept wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)