Fiif ferwûnen by Appelskea

25 maaie 2010 - 09:50
  • Foto: Remon Koene 112nederland

By in ûngelok op 'e N381 by Appelskea binne Pinkstermoandei fiif minsken ferwûne rekke. Der wiene fjouwer auto's by belutsen. Twa slachtoffers binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs fan Assen brocht.

De dyk tusken Appelskea en Smilde hat nei it ûngelok in pear oeren ticht west. Dat wie om't de plysje der ûndersyk dwaan moast. Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)