Fiif fertochten yn sjitpartij

17 aug 2010 - 14:42

De plysje hat oant no ta 5 fertochten oanhâlden yn de saak fan de sjitpartij by de Jumbo oan de Canadezenlaan yn Ljouwert ferline wike. De mannen wurde fertocht fan belutsenheid.

Ferline wike is út in auto wei ferskate kearen sketten op in 33-jierrige Ljouwerter. Dy hie op syn beurt in 21-jierrige man stutsen dy't yn de auto siet. Dy beide mannen wiene al oanhâlden. De plysje socht noch nei in 25-jierrige man dêr't earst fan tocht waard dat hy sketten hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)