Fiif fertochten mishanneling It Amelân oanholden

11 aug 2015 - 10:14

De plysje hat moandei fiif manlju oanholden foar de mishanneling sneontenacht fan in 19-jierrige ynwenner fan Twizelerheide op It Amelân. It slachtoffer fytste tegearre mei in freon oer de Strandweg yn Buren doe't se útskolden waarden troch in groep fan sa'n tsien jongelju. Doe't se fregen wêrom't se útskolden waarden, begûn in part fan de groep de 19-jierrige man te slaan en te skoppen. Syn freon rekke licht ferwûne. De 19-jierrige jonge moast nei it sikehûs. Hy hie meardere breuken yn beide kaken.

Nei ûndersyk koe de plysje moandei fiif fertochten oppakke. It giet om in 21-jierrige ynwenner fan Stiens, twa ynwenners fan Zwolle fan 18 jier, in man fan 20 fan Oostzaan en in 22-jierrige ynwenner fan Veendam. Sy sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)