Fiif drankriders oppakt

03 jul 2011 - 13:57

De plysje hat sneontenacht fan fiif bestjoerders it rydbewiis ynnaam om't se tefolle dronken hiene. Dat wie yn Harns by in bromfytser (20) út Frjentsjer, by in bromfytser (18) yn Ljouwert út de stêd. In begjinnend automobilist (19) út Suwâld waard yn Burgum trappearre en in man (43) fan It Hearrenfean waard dêr oanhâlden.

In Sint Nykster (31) waard yn Snits oanhâlden om't it fermoeden wie dat er ûnder ynfloed fan drugs ried. Yn de auto is GHB en speed fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)