Fiif deputearren yn kolleezje

30 apr 2003 - 00:00

It Kolleezje fan Deputearre Steaten bestiet de kommende jierren út fiif deputearren. Dat is de útkomst fan it petear dat de fraksjefoarsitters fan CDA, PvdA en VVD tiisdeitejûn holden hawwe mei de ynformateurs Reitsma en Timmermans.

Mei dat beslút komme de partijen in mearderheid fan Provinsjale Steaten yn 'e mjitte. Dy joegen tiisdei yn it iepenbiere debat oan tsjin útwreiding fan it tal deputearren te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)