Fiif dagen dûnsje yn Ljouwert

26 aug 2014 - 14:25
  • It terrein wurdt klearmakke foar it dûnsfestival

It Griene Stjer-gebiet liket op it stuit mear op in gigantysk hermetysk ôfsletten 'plaats delict' as op in festivalterrein. Achter de skermen wurdt yn it grutste geheim alles klearmakke foar it grutte Psy-trance-dûnsfestival dat tongersdei begjint. Der wurde sa'n 10.000 minsken ferwachte dy't fiif dagen en fjouwer nachten lang dûnsje sille.

Om foar te kommen dat de omwennenden oerlêst krije fan it festival is der in grutte lûdswâl makke. It is foar de earste kear dat der in fergunning ôfjûn is foar sa'n festival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)