Fiif bommen op fleanbasis fûn

22 jan 2013 - 10:18
  • F-16 op de Fleanbasis Ljouwert

Op de fleanbasis Ljouwert binne fiif bommen út de Twadde Wrâldoarloch fûn. It giet om Ingelske fleantúchbommen. De eksplosiven sille op sneon 2 febrewaris útgroeven en meinommen wurde troch de EOD. Dy deis sille minsken dy't yn in straal fan goed 1300 meter fan it fynplak wenje evakuearre wurde. Se wurde opfongen yn it doarpshûs fan Ingelum. De bommen binne fûn doe't grûnûndersyk dien waard yn ferbân mei drainaazje dy't op de fleanbasis oanlein wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)