Fiif bedriuwen yn race Thialf

02 sep 2013 - 14:01
  • In ympresje fan it nije Thialf

De provinsje beslút moandei hokker fiif bedriuwen yn de race bliuwe foar de bou fan in nij Thialf. De nammen wurde oan de kandidaten bekend makke mar net troch de provinsje nei bûten brocht, seit Willem Jan van Elsacker, projektlieder fan de provinsje foar de nijbou. De ferwachting is dat it Fryske konsortium 'Yn streken' mei Van Wijnen, Friso Bouwgroep, Oranjewoud en Alynia wol by de lêste fiif sit.

Ek Jorritsma mei Dijkstra Draaisma en bougroep BAM hawwe ynteresse foar it projekt.

Ein novimber begjin desimber wurdt bekend hokker bedriuw de opdracht krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)