Figuranten socht foar oefening

08 apr 2012 - 09:51
  • Wetter drinke

De gemeenten Dongeradiel en Dantumadiel sykje minsken dy't figurant wêze wolle by in grutte oefening. Tiisdei oer in wike wurdt yn Dokkum neispile wat dien wurde moat as der problemen binne mei de wetterfoarsjenning.

As drinkwetter langer as 24 oeren net fia it gewoane liedingnet beskikber is, moat it fia in alternatyf drinkwettersysteem útdield wurde. By in distribúsjepunt komme minsken dan om wetter te heljen. Sa'n situaasje wurdt neispile en dêr binne minsken by nedich. Wa't meidwaan wol, kin kontakt opnimme mei de gemeente Dongeradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)