Figuranten socht foar film

13 apr 2002 - 00:00

Foar in Europeeske produksje wurde 300 figuranten socht. It giet om de film 'Verder dan de maan' fan Stijn Coninx mei yn de haadrol Huub Stapel. In part fan de film wurdt yn Kiel Windeweer yn Grinslân opnommen. De opnames begjinne yn maaie.

Belangstellenden kinne har oanmelde by Saskia Wagenvoort. Dat kin sneon tusken 14.00-17.00 oere by Parnas yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)