Fierstente hurd troch Hantum

11 jul 2009 - 12:55

In bewenner (50) fan Ternaard hat yn de nacht nei sneon fierstente hurd troch Hantum riden. Hy ried 130 km yn 'e oere, dêr't er mar 80 mocht. De plysje seach de man hurd delriden en sette de efterfolging yn. Doe't de man stilhold, kaam de plysje der achter dat er te folle dronken hie. Foar beide oertredings hat de man in proses-ferbaal krigen. Ek mei er de earste seis oeren net wer achter it stjoer krûpe en moat hy in kursus folgje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)