Fierstente hurd op de Wâldwei

08 okt 2014 - 06:01
  •  Snelheidskontrôle

In 33-jierrige man út Drachtsterkompenije is tiisdei op de Wâldwei by Nijegea syn rydbewiis kwytrekke om't er fierstente hurd ried. De man ried 155 kilometer yn de oere, wylst der mar 70 tastien wie yn ferbân mei wurksumheden oan de dyk. Ek helle de man ferkear rjochts yn oer de ynrydstripe.

De automobilist moat no de kursus EMG (Educatieve Maatregel Gedrag) folgje. It is net de earste kear dat de man op dizze kursus stjoerd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)