Fierste hurd mei auto

29 jul 2012 - 14:01
  • Flitskontrôle

Fan twa autobestjoerders is sneon it rydbewiis ôfnaam omdat se fierste hurd rieden. In 25-jierrige begjinnend bestjoerder út It Hearrenfean ried 177 kilometer yn 'e oere. Op de N31 by Drachten is 100 it maksimum. De man hie boppedat drank op.

By Snits trapearre de plysje mei in lasergun in 41-jierrige man út Abbekerk op hurdriderij. Op dat plak is 80 it maksimum en hy ried 136 kilometer yn 'e oere. De Noard-Hollanner krige in proses-ferbaal oan 'e broek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)