Fierljeprekôr Van Rooijen

20 jun 2010 - 14:40
  • Dymphie van Rooijen (foto: Polsstokbond Holland)

Dymphie van Rooijen út IJsselstein hat sneon by de froulju it Nederlânsk rekôr ferbettere. De ljepster fan de Polsstokbond Holland kaam yn it Utrechtse Linschoten ta 16.64 meter, 30 sintimeter fierder as it âlde rekôr dat sy sels al yn hannen hie.

It Fryske frouljusrekôr stiet op namme fan Anna Jet Leyenaar mei 16.06 meter. Dêrmei waard Leyenaar ferline jier Nederlânsk kampioene, Van Rooijen wûn doe sulver.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)