Fierljeppen as keuzefak

25 apr 2012 - 18:29

Underwiisynstelling CIOS op It Hearrenfean hat plannen om it keuzefak fierljeppen te yntrodusearjen. De sport wurdt mei troch lanlike media-oandacht hieltyd populêrder. Fierljepferienings hawwe lykwols muoite mei it finen fan goeie minsken dy't de nije leden begeliede kinne. It CIOS wol no kursisten ynteressearje yn it fierljeppen om sa it tekoart op te lossen.

Alle earstejiers studinten kinne de kommende moannen yn de kunde komme mei de sport. By genôch animo sil de sport dêrnei as keuzefak yntrodusearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)