Fierljeppen en maraton

21 jul 2002 - 00:00

Rients van der Wal hat sneontejûn it fierljeppen yn Burgum wûn mei in sprong fan 18.45 meter. Junior Bart Helmholt wûn foar eigen publyk mei 18.03 meter. By de jonges wûn Pier Scherjon en by de froulju Jantina de Vreeze.

Yvonne Tinga kaam as twadde oer de streek by de strânmaraton fan Kijkduin. Se wie mear as trije minuten stadiger as de winnares Ingrid van Lubek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)