Fierljeppe yn it tsjuster foar mear begryp autisme

27 mrt 2015 - 22:53

Yn Burgum is freedtejûn fierljept om oandacht te freegjen foar autisme. Mei it evenemint Blue Jump waard oandacht frege foar de World Autisme Awareness Day op 2 april. Doel dan dy dei is om mear begryp te krijen foar autisme. De fierljeppers fan it team Reset, mei ûnder oare Bart en Thomas Helmholt, ljepten yn it tsjuster mei saneamde blacklights en ljochtjaande klean. Derneist skynde der in blau ljocht op it gemeentehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)