Fierljeppe mei sterkere pols

11 aug 2008 - 15:09
  • De 3 millimeter grouwere pols fan Burgum

It Frysk Ljeppers Boun set tenei in justjes grouwere en sterkere polsstôk yn by wedstriden. Dit nei oanlieding fan de pols dy´t sneon knapte by it Frysk kampioenskip yn Winsum.

Tiisdei sil der by it fierljeppen op It_Heidenskip al sprongen wurde mei de dikkere polsstôk. Ek op it Nederlânsk kampioenskip yn Burgum sneon oer in wike sil de nije pols brûkt wurde. De nije pols is trije millimeter tsjûker en dêrtroch ek folle steviger. Yn Burgum wurdt de pols al in skoft brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)