Fierljeppe mei eigen sponsor

06 apr 2010 - 16:34
  • Priveesponsoring wurdt tastien

De Fryske fierljeppers meie mei yngong fan it nije seizoen, dat begjint op sneon 15 maaie, mei eigen sponsoring ljeppe. De priveesponsoring mei net op it wedstriidshirt, dat is foar haadsponsor ROC Friese Poort. Op it wedstriidbroekje is maksimaal 65 kante sentimeter beskikber. Ek op sokken, it klimlear en handoeken is eigen romte.

De wurkgroep sponsoring hat nei oerlis mei de haadsponsor dit resultaat binnenhelle. It Frysk Ljeppersboun giet ek akkoart mei dizze trochbraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)