Fierljepakkommodaasje De Jouwer tenein, mar hoe fierder

22 jul 2015 - 23:01
  • De fierljepskânzen fan De Jouwer

It waard woansdei wer ris goed dúdlik mei de earste klasse wedstriid. De fierljepakkommodaasje fan De Jouwer is net mear fan dizze tiid. De fierljepferiening De Lege Wâlden soe dan ek stomme graach sa gau mooglik ferhúzje wolle. De plannen binne der, de nije lokaasje is ek bekend, mar de gemeente De Fryske Marren docht neat. Troch de krisis is it fierljepterrein oan de Koarte Ekers noch net folboud. Foarsitter Pieter Ebbing tinkt net dat der takom seizoen op de âlde lokaasje wer ljept wurde kin. Der moat foar tefolle jild ferklost wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)