Fierder sûnder Hûs en Hiem

08 nov 2013 - 16:06

Tytsjerksteradiel wol ôf fan Hûs en Hiem. De gemeente freget sûnt twa jier allinnich noch advys fan de wolstânskommisje as ferbouwings oanfrege wurde foar monuminten. Foar oare gebouwen is gjin wolstânsadvys mear nedich, sa hat gemeente besletten. Sadwaande binne de kosten ek de helte minder wurden, fan 40.000 nei 20.000 euro.

De gemeente wol no foar monuminten in eigen kommisje oprjochtsje. De regeling mei Hûs en Hiem rint yn 2015 ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)