Fierder ferrin bûnspartij

20 maaie 2013 - 14:44
  • De finalepartoeren fan de bûnspartij fan 2013

Easterlittens mei yn de kwartfinales fan de Bûnspartij besykje om topfavoryt Sint Jabik fan de oerwinning ôf te hâlden. Easterlittens bedarre mei in steand nûmer op dy fjirde list. Sint Jabik luts yn de wedstryd tsjin it partoer fan Minnertsgea oan it langste ein.

De oare partijen yn de kwartfinale binne: Berltsum tsjin Hijum/Feinsum, Sint Anne tsjin Bitgum en Frjentsjer tsjin Goutum. Goutum fersloech op de tredde list Holwert mei de sterke opslagger Gert-Anne van der Bos.

Yn de heale finale fan de bûnspartij nimt Bitgum it op tsjin Goutum, dat Frjentsjer keatsles joech. Topfavoryt Sint Jabik moat it opnimme tsjin Hijum/Feinsum. Goutum wûn fan Bitgum en Hijum/Feinsum wûn ferrassend fan Sint Jabik. De finale giet sadwaande tusken Goutum en Hijum/Feinsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)