Fier: Skoalle Boksum is te djoer

22 maaie 2015 - 13:47
  • Otto Clantskoalle yn Boksum

Dat de skoalle fan Boksum ticht moat, is in jildkwestje, seit direkteur Mark Vrolijk fan ûnderwiisgroep Fier. Dy groep hat tweintich skoallen ûnder him yn Noardwest-Fryslân, wêrûnder de Otto Clantskoalle yn Boksum.

Mei-inoar krijt de groep jild foar in minimumtal learlingen fan 1600. De groep hat dêrom it minimum fêststeld op 35 bern foar in skoalle. Boksum hat op dit stuit 25 learlingen. Dêrom wol de ûnderwiisgroep de Otto Clantskoalle tichtdwaan op 1 augustus 2016.

De heiten en memmen lizze harren der net by del en komme yn aksje. Sy wize derop dat it lanlik minimum fan it tal learlingen 23 is. Boppedat stiet Boksum hiel goed bekend as trijetalige PLUS-skoalle, dêr't njonken Nederlânsk, Ingelsk en Frysk ek Spaansk jûn wurdt. De âlden sille besykje mear learlingen op de skoalle te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)