Fier Fryslân: Sexting hieltyd grutter probleem

07 apr 2015 - 15:36
  • Stipe foar slachtoffers loverboys

It ferstjoeren fan bleatfoto's troch Fryske jongerein is in folle grutter probleem as tocht, seit direkteur Anke van Dijke fan Fier Fryslân. Fier krijt alle wiken skoallen oan de tillefoan dy't mei de hannen yn't hier sitte omt se net witte hoe't se hjirmei om gean moatte. Bern stjoere inoar bleatfoto's op sosjale media en WhatsApp, sûnder nei te tinken oer mooglike gefolgen.

Faak wurde foto's noch fierder trochstjoerd en komme sa ek by minsken dy't der minder moaie bedoelings mei hawwe. It kin dan gean om it sjantearen fan de persoan op de foto.

Neffens Anke van Dijke fan Fier Fryslân moatte âlden der folle better op lette wat bern krekt op sosjale media en WhatsApp dogge. Ek de plysje soe hjir mear oan dwaan moatte, fynt frou Van Dijke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)