Fier Fryslân praat oer ûnrêst

14 jan 2008 - 11:29

Alle hûndert meiwurkers fan frouljusopfangorganisaasje Fier Fryslân binne útnoege om moandei te praten oer de reboelje ûnder it personiel. Seis eardere meiwurkers en twa minsken dy't noch yn tsjinst binne fertelden sneon yn de Ljouwerter Krante oer de 'eangstkultuer' by de organisaasje.

Trochdat in petear oer krityk net goed mooglik wêze soe, soe de kwaliteit fan de soarch hjirfan te lijen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)