Fier Fryslân op wurkbesite yn Tailân en op de Filipinen

16 apr 2015 - 20:40

De direksje fan helpferlieningsorganisaasje Fier Fryslân út Ljouwert is dizze wike op wurkbesite yn Tailân en de Filipinen. Se besjogge dêr tal fan projekten tsjin berneprostitúsje. Doel fan de reis is dat der in gearwurking ûntstiet tusken organisaasjes om te striden tsjin de problematyk fan seks fan folwoeksenen mei bern.

Direkteuren Linda Terpstra en Anke van Dijke binne bot ûnder de yndruk fan wat se yn de lannen sjogge en hearre, bygelyks oer jonkjes dy't foar oardel euro seks hawwe mei folwoeksenen. Sneon komme de froulju werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)