Fier Fryslân ferwachtet mear fragen om help

03 nov 2015 - 16:36
  • Dit keunstwurk waard tiisdei ûntbleate foar De Veilige Veste

Helpferlieningsorganisaasje Fier yn Ljouwert ferwachtet dat de kommende tiid mear froulju om help oanklopje sille. Dat hat te krijen mei de grutte flechtlingestream. Troch de komst fan tûzenen flechtlingen sil it oantal slachtoffers fan misbrûk en minskehannel tanimme, sa tinkt Fier.

Fier hat it COA al oanbean om te helpen. Dat kin wolris hurd nedich wêze, want de flechtlingen rinne tsjin ferskate problemen op, seit Fier-direkteur Terpstra. Tiisdei waard by de Veilige Veste in monumint ûntbleate.

It doel fan it monumint is om de slachtoffers fan seksueel geweld in gesicht te jaan, want it probleem fan seksueel geweld en minskehannel wurdt troch de mienskip faak net sjoen. Yn De Veilige Veste heint Fier 72 froulju op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)