Fideoteek Foarstreek oerfallen

28 jan 2008 - 09:14

In fideoteek oan de Foarstreek yn Ljouwert is sneintejûn oerfallen. Om healwei achten rûn in man fan 25 oant 30 jier de saak binnen. Hy bedrige de meiwurkster mei in mes en pakte in pear hûndert euro út de kassa.

Der wiene op dat momint gjin klanten yn de fideoteek. De oerfaller wie in ljocht-tinte man mei in meager gesicht en in sikje. Hy hie donkerblauwe klean oan en in pear wite wanten yn de kontbûse. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)