Fideofilm yn trein nei Grins

28 sep 2004 - 10:32

Reizgers dy't yn de trein tusken Ljouwert en Grins sitte kinne dizze wike in fideo-film sjen yn de trein. It projekt 'Transit' is bedoeld foar minsken dy't alle dagen de trein nimme en net mear opsjogge fan it lânskip.

Yn de film is omlizzende lânskip te sjen, mar út oare perspektiven wei. Ek is der te sjen wat der bart efter de doarren fan gebouwen njonken it spoar, lykas dy fan de Ljouwerter Krante en it sûkerfabryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)