FIDEO: Yntocht fan Sinteklaas yn Drachten

14 nov 2015 - 18:15

Bern hawwe yn Drachten lykas op in soad oare plakken sneontemiddei massaal Sinterklaas wolkom hjitten. En sy seagen wat bysûnders. It wie foar it earst sûnt 1959 dat de hillige it sintrum yn farren kaam, want de earder dimpe Drachtsterfeart is wer werom. Der stiene fytsen klear foar de fierdere tocht troch it sintrum. En Sinteklaas en syn Haadpiet seagen dat it goede wie...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)